Opnames foar Fryske Cohen-cd

22 sep 2008 - 16:09

Tolve Fryske artysten binne dizze dagen drok dwaande mei de opnames foar in Frysktalige cd mei nûmers fan Leonard Cohen. Tolve fan syn nûmers binne yn it Frysk oerset troch Bart Kingma en wurde ynsongen troch ûnder oare Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Nynke Laverman. Ein dit jier komme de covers út op cd en dvd.

Sido Martens nimt ek in nûmer foar syn rekken. Dat is bysûnder, want it is foar earst dat de Ljouwerter in liet yn it Frysk opnimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)