Menzo wol 'bluf en passy'

22 sep 2008 - 12:53
  • Stanley Menzo: ik ben fanatiek...

De nije trainer fan Cambuur, Stanley Menzo, wol foaral mear passy, bluf en bravoer yn de ploech bringe. Dat sei Menzo moandeitemoarn nei de training.

Menzo is tefreden oer de iver en ynset fan de spilers. Tiisdeitejûn moat Cambuur it foar de beker thús opnimme tsjin FC Zwolle. Menzo is net fan doel om dan al fuortendaliks de boel op de kop te setten yn de ploech, mar hy wol wol striid en passy sjen. Menzo sleat ôfrûne sneon in kontrakt by Cambuur foar de rest fan it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)