Bruins Slot komt mei rapport

© Omrop Fryslân
Yn Warkum wurdt moandei dúdlik hokker gemeenten yn de Súdwesthoeke meiïnoar fuseare wolle. Ynformateur Harm Bruins Slot hat de ôfrûne wiken praat mei bestjoerders en riedsleden út Snits, Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân, Boalsert, Nijefurd, Wûnseradiel, Wymbritseradiel en Littenseradiel.
Ut de petearen moast dúdlik wurde foar hokker fariant der stipe is. Yn in earder rapport fan advysburo Deloitte stie dat der ien grutte gemeente komme moat fan 100.000 minsken of mear.