Lyme: tyk gau ferwiderje

© Omrop Fryslân
De kâns om nei in tikebyt de sykte fan Lyme te krijen is hast nihil as de tyk der binnen 24 oeren úthelle wurdt. Dit is dúdlik wurden út in ûndersyk fan in húsartsepraktyk op it Amelân.
Dêr binne sûnt 2004 sa'n 150 minsken folge neidat sy in tikebyt oprûn hiene. It Amelân is in risikogebiet foar it oprinnen fan in tikebyt. Fan alle minsken dy't meidien ha hie ien persoan echt de sykte fan Lyme krigen. Krekt by dy persoan wie de tyk der net binnen 24 oeren út de hûd helle.