Soad fytsen fernield yn H'fean

© Omrop Fryslân
Op it Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein in spoar fan fernielings oanrjochte. Dat spoar rint fan it sintrum rjochting de Bolster.
It giet om stikkene stoeptegels, in fernielde lantearnepeal, stikken skopte reklamebuorden en in hiel soad fernielde fytsen. By de stasjonstunnel tusken de Beugel en de Trambaan waarden goed 40 fytsen yn de tunnel, de boskjes en de fytsestalling smiten. Hast al dy fytsen hiene skea. Mooglike tsjûgen kinne har melde by de plysje.