Krant van Ameland ferdwynt

22 sep 2008 - 07:08

De papieren fersy fan de Krant van Ameland ferdwynt. Nei 23 nûmers hâldt de redaksje der mei op. De krante dy't om 'e wike ferskynt hat te min abonnees en der wurde te min advertinsjes ferkocht om de holle boppe wetter te hâlden. De ferwachting wie dat de simmer ferbettering bringe soe, mar dat wie net it gefal.

It nijs fan Amelân bliuwt wol te lêzen yn de ynternetkrante fan Persbureau Ameland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)