Fryske haadklassers ferlieze

De Jouster keeper (foto Martin de Jong)
De beide Fryske sneinshaadklassers ferlearen har wedstriid. Doelpunten fan Harvey Bischop en Kevin Koenen wiene net genôch foar Snits Wyt Swart om fan Alcides út Meppel te winnen. De Snitsers ferlearen mei 3-2.
De Jouwer ferlear yn Grins mei 3-1 fan Be Quick 1887. De skiedrjochter naam by 1-1 in diskutabel beslút om in tsjinholden strafskop troch de doelman fan De Jouwer opnij nimme te litten. Dêrtroch kamen de Grinzers op in 2-1 foarsprong. Letter waard it ek noch 3-1.