Hearrenfean wint fan NEC

Danijel Pranjic iepene de skoare
Sportklub Hearrenfean hat snein yn it Abe Lenstrastadion mei 2-1 wûn fan NEC út Nijmegen. Yn de earste helte waard net skoard. Yn de 48e minút iepene Danijel Pranjic de skoare. Tarik Elyounoussi sette de 2-0 op it skoareboerd.
Yn de slotfaze makke Bonaventure Kalou syn debút by Hearrenfean. It waard yn blessueretiid noch spannend. NEC krige in strafskop en dy waard benut troch Jhon van Beukering. Fierder kaam NEC net en dus waard de einstân 2-1.