Achterfolging yn Gytsjerk

21 sep 2008 - 13:29

De plysje hat sneintenacht in stellen auto achterfolge yn Gytsjerk. De plysje seach de auto riden op de Riemersmastrjitte dêr't opfoel dat de bestjoerder nochal slingere. Doe 't de plysje de auto en ynsittenden kontrolearje woe, naaiden se út.

Nei in achterfolging waard de auto by Wyns rjochttroch de boskjes ynriden. Twa manlju stapten út en draafden fuort. De plysje koe se net mear krije. Undertusken wie ek dúdlik dat de auto earder yn Ljouwert stellen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)