Mishanneling yn Sint Jabik

21 sep 2008 - 12:55

In man (47) út Menameradiel is sneontenacht yn St Jabik oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling fan in man (43) út Deventer. In froulike kunde fan de man út Menameradiel hie de man út Deventer út har wente oan de G. Veenhuizenstrjitte set.

Doe 't de man út Deventer letter werom kaam, wie de fertochte by de frou yn 'e hûs. Hy kaam mei in ketting nei bûten en sloech de man út Deventer dêrmei yn it gesicht. Se plysje stie te posten en koe de fertochte oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)