Soad fakatueres by AB Fryslân

21 sep 2008 - 12:16

Agrarysk útstjoerburo AB Fryslân hat grutte muoite om syn fakatueres yn te foljen. Op it stuit stean der mear as 120 iepen, in rekord foar it útstjoerburo. Earder dit jier is it buro al begûn mei it opsetten fan opliedings foar studinten fan de agraryske AOC-skoallen.

It duorret lykwols noch wol efkes foardat de earsten mei dy oplieding klear binne. Neffens direkteur Fopma komt de krapte trochdat boerebedriuwen de ôfrûne jierren bot groeid binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)