Mem Vaatstra nei Albayrak

21 sep 2008 - 10:08
  • Mem fan Marianne sil prate oer de moard

Maaike Terpstra, de mem fan Marianne Vaatstra, sil meikoarten mei steatssekretaris Albayrak fan Justysje om tafel. By dat petear sil ek Klaske Ferwerda oanskowe, de freondinne fan Maaike Terpstra dy't har bystiet.

Dat hawwe se sneon ôfpraat yn Hoorn. Dêr binne foar de njoggende kear de Nederlânske slachtoffers fan geweld betocht. De mem fan Marianne Vaatstra sil oan de steatssekretaris har ferhaal dwaan oer de moard op har dochter yn 1999.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)