Goud foar Christian Bil

© Omrop Fryslân
De 21-jierrige Christian Bil út Boarnburgum hat in gouden medalje helle op EuroSkills 2008. Dat is in soarte fan Europeesk kampioenskip foar jong fakmanskip.
Bil einige sneon yn Ahoy yn Rotterdam as earste op it ûnderdiel masinebank-wurkjen. Hy liet talinten út ûnder oare Sweden en België achter him. Oan de beroppewedstryd diene mei elkoar 400 learlingen út 30 lannen mei.