Keunstrûte Ljouwerteradiel

© Omrop Fryslân
De kultuerried Ljouwerteradiel hâldt sneon foar de earste kear in keunstrûte. Under de namme Trimdiel Keunstrûte wol de kultuerried keunstners yn de gemeente de mooglikheid jaan har oan it grutte publyk te presintearjen.
Oan de oare kant kin it publyk sa yn de kunde komme mei it wurk fan de keunstners. Oan de keunstrûte dogge 20 keunstners mei yn de ferskate doarpen fan Ljouwerteradiel.