Freezefestival yn Ljouwert

20 sep 2008 - 16:32

Yn de Ljouwerter Harmonie is sneon wer it jierlikse Freezefestival. Dêr is alles te sjen wat aktueel is oan Fryske popmuzyk. Mar ek foar it earst bûtenlânske bands, dy't meidogge oan in ynternasjonaal útwikselingsprogram.

Freedtejûn wie de opwaarmer foar it festival mei Freeze-on-Friday. Op sân lokaasjes yn Ljouwert stiene nije Fryske bands te spyljen as oanrin foar it festival op sneon. Dan sille yn fiif sealen fan De Harmonie fiif ferskillende sjenres popmuzyk komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)