Muzyktrofee foar H. v.d. Meer

© Omrop Fryslân
Hindrik van der Meer is winner wurden fan de Muzyk Maskelyn Trofee 2008. De priis waard sneon oan him útrikt. De trofee fan it radioprogramma Muzyk Maskelyn wurdt jierliks takend oan immen dy't fan grutte betsjutting is of west hat foar de amateuristyske muzykbeöefening yn Fryslân.
Hindrik vd Meer is ûnder oaren bekend fan Fryske bernelietsjes, de musicals Simson en Joazef Masterdreamer en it koar Auke Roukes. As taal foar syn wurk brûkt er altyd it Frysk.