Richard Schuil yn heale finale

20 sep 2008 - 14:27

De Ljouwerter beach-volleyballer Richard Schuil hat mei syn teamgenoat Reinder Nummerdor de heale finale helle fan de Europeeske beachtour. De saneamde Masters Final wurdt spile yn Sotsji yn Ruslân. Se wûnen sneon har tredde groepsduel fan twa Dútsers, en einigje dêrmei boppe-oan yn de poule.

Yn de heale finale moatte se it sneontemiddei opnimme tsjin de Russen Barsoek en Kolodinski.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)