Snorfytser (62) swierferwûne

20 sep 2008 - 13:11

In 62-jierrige man út Ljouwert op in snorfyts is freedtemiddei op it Hoeksterpaad yn syn wenplak ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. De man fytste tsjin in iepensteande doar oan fan de auto fan in 48-jierrige frou út Gytsjerk. Dêrnei wykte er út en rekke in oare auto.

De snorfytser rekke swierferwûne en waard behannele troch it medysk team fan de traumahelikopter. Dêrnei is er yn tige kritike tastân oerbrocht nei it sikehús fan Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)