Drost by It Fean yn basis

20 sep 2008 - 12:53
  • Henrico Drost

Sportklub Hearrenfean spilet snein yn de wedstriid tsjin NEC Nijmegen mei Henrico Drost yn de basis. Daryl Janmaat is noch blessearre en dêrtroch begjint Drost as rjochtsback yn de basis. Michael Dingsdag begjint lyk as tongersdei yn Portugal sintraal yn de ferdigening mei Michel Breuer.

Calvin Jong-A-Pin spilet links yn de ferdigening. Op it middenfjild begjinne Pranjic, Grindheim en Väyrynen. Foaryn wer trije man mei Elyounoussi, Sibon en Beerens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)