Nij VanHarte restaurant iepene

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is freed in twadde VanHarte restaurant iepene. Yn 'e J.H. Knoopstrjitte kinne minsken mei in minimumynkommen terjochte om foar 2,50 euro in trijegongsmiel te keapjen. It is foaral foar iensume minsken, om dy út har sosjale isolemint te heljen.
Der sit al in restaurant yn it wyksoarchsintrum Het Nieuwe Hoek yn Ljouwert. Dêr kinne minsken tiisdei- en tongersdeitejûn terjochte. It nije restaurant is allinnich op freedtejûn iepen.