Skilderij Abe yn stadion

20 sep 2008 - 11:21

Supporters fan Sportclub Hearrenfean komme tenei by binnenkomst yn it stadion in mear as libbensgrut skilderij fan Abe Lenstra tsjin. It skilderij fan 2.40 meter en goed 1,5 meter breed is makke troch de Biltske keunstner Hendrik Elings en wurdt snein oanbean oan de club tidens de wedstriid tsjin NEC.

It oanbieden fan it skilderij is bedoeld om oandacht te freegjen foar in boek mei it wurk fan Elings, mei as titel 'Het witte hemd van mijn vader'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)