Ofskiedsfeest Chris Wassenaar

20 sep 2008 - 11:14

Yn Minnertsgea hat keatser Chris Wassenaar freedtejûn in grut ôfskiedsfeest fierd. Der wiene kadoos, stikjes, blommen en taspraken foar de Reus fan Minnertsgea. En der is in boek oer him ferskynd. It earste eksimplaar waard him troch skriuwer Jelle Bangma oanbean.

Snein keatst hy syn lêste wedstriid op de Aldehoupartij. Hy sil takom seizoen noch wol ôfdielingspartijen keatse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)