Cambuur lyk; Menzo yn stadion

19 sep 2008 - 23:08

SC Cambuur hat mei 1-1 lyk spile tsjin RKC Waalwijk. Nei in goed begjin skoarde Ruud ter Heide yn de 28e minút de 1-0. De twadde helte spile Cambuur in stik minder. Ruud Berger makke in kertier foar tiid de lykmakker. Cambuur mocht net ûntefreden wêze mei in punt.

Stanley Menzo, mooglik de nije trainer fan SC Cambuur, siet freedtejûn op 'e tribune. Der is noch gjin oerienstimming mei him berikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)