Man út Bakhuzen rêden út sleat

In 73-jierige man út Bakhuzen hat syn libben te tankjen oan de help fan twa omstanners neidat hy mei auto en al yn 'e sleat bedarre wie. De man wie ûnderweis op de Wâldseinerwei by Harich doe't hy troch ûnbekende oarsaak stadich ridend rjochts fan de dyk bedarre.
De auto kaam ta stilstân yn de sleat. Twa tsjûgen soargen derfoar dat de man syn holle net ûnder wetter rekke. Dêrnei hawwe de helptsjinsten de man út de sleat helle.