Twivel oer nut ierdgasmotoaren

19 sep 2008 - 21:05

De sosjalistyske fraksje yn it Europarlemint begjint te twiveljen oan it nut fan ierdgas as skjinne brânstof. By VDL-Berkhof krige miljeuwurdfierdster Dorette Corbey te hearren dat moderne diselmotoaren eins folle suniger en skjinner binne. Berkhof makket bussen mei sokke motoaren, mar der wurdt hieltyd faker frege om bussen op ierdgas.

Corbey hat no twivels oer it talitten fan ierdgas op de list fan skjinne brânstoffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)