Ritsma yn KNSB-kommisje

19 sep 2008 - 17:25
  • Rintje Ritsma (foto Martin de Jong)

Rintje Ritsma sil him ynsette foar in better topsportklimaat yn it Nederlânske reedriden. Hy is ien fan de leden fan in kommisje dy't yn opdracht fan de KNSB hjir in plan foar betinke mei. Foarsitter fan dy kommisje is Ard Schenk.

De âld-reedrider fynt dat de KNSB net mear oanslút op wat de topploegen wolle. Ferline wike hie Sven Kramer ek al in soad krityk op it bûn omdat de omstannichheden foar topsporters net goed genôch wêze soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)