Titelsong Bit mei Syb en Wieke

19 sep 2008 - 17:06

Ferline wike is de titelsong fan Bit, de nije dramasearje fan Omrop Fryslân, opnommen. It nûmer hjit Bit en is in cover fan 'e hit van Ramses Shaffy Zing, vecht, huil, bid, lach, werk en bewonder. De titelsong is ynsongen troch Syb van der Ploeg en Wieke Wiersma, de haadrolspylster fan Bit.

Bit is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân en giet oer de twa rivalisearjende hynstefamyljes Wierda en Prins, dy't oer de rêch fan hynders en Fryske grûn mei-inoar stride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)