Rottefalle: gjin hingjongerein

19 sep 2008 - 16:16

It jeugdwurk op De Rottefalle hâldt op omdat der te min 'hingjongeren' binne. De Stichting Jeugdwurk Rottefalle hat besletten om mei de aktiviteiten op te hâlden, omdat de pleatslike jongeren harren sels goed fermeitsje kinne.

It jeugdwurk wurdt net opdoekt. As der yn 'e takomst wer ferlet fan is, dan giet de stifting wer oan de slach. De jeugdsoas yn it doarp is ticht. Wethâlder Cees Kuipers fan Smellingerlân is goed te sprekken oer de gong fan saken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)