Oebele bêste bou-learling

19 sep 2008 - 15:47

Oebele Smedes fan Garyp is de bêste learling yn 'e bou. Hy hat dy priis krigen foar syn prima learprestaasjes en syn fleksibele opstelling. Hy wurket foar de praktykoplieding bou by boubedriuw Jorritsma yn Boalsert.

Smedes is foardroegen omdat hy mei súkses oerstapt is nei de oplieding wurkjen en learen yn de bou. De priis foar bêste learling wurdt alle jierren útrikt en bestiet út in jildpriis fan 500 euro. Der wie ek in priis foar dosint Timmermans fan Donkerbroek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)