Hereford-kij by De Westereen

19 sep 2008 - 13:58

De Sweagermieden by De Westereen ha freedtemoarn in tal opfallende nije bewenners krigen. It giet om saneamde Herefords; tachtich kij mei in wite kop en in read liif. It is in fan oarsprong Ingelsk ras dat ynset wurdt om it natoergebiet te beweidzjen.

It is it doel om De Mieden wer yn de steat fan in pear ieuwen lyn werom te bringen. Om derfoar te soargjen dat it 200 hektare grutte gebiet gjin wylde boel wurdt is socht nei in ras dat it hiele jier bûtendoar stean kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)