Beslút oer suvelfúzje útsteld

19 sep 2008 - 11:48

De Europeeske Kommisje hat mear tiid nedich om in beslút te nimmen oer de foarnommen fúzje tusken de twa grutte suvelbedriuwen Friesland Foods en Campina. De Europeeske Kommisje hat de deadline ferskood nei 1 desimber.

De kommisje is yn july út ein set mei in ûndersyk nei de mooglike ynfloed dy't de foarnommen fúzje hawwe kinne soe op de tsiis- en suvelprizen. Friesland Foods en Campina makken ein 2007 bekend dat se graach de lapen gearsmite wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)