Ferset tsjin apparteminten

19 sep 2008 - 11:12
  • Haersma State yn Drachten
  • Ien fan 'e protestdoeken

Omwenjenden fan It Van Haersmapark yn Drachten meitsje beswier tsjin it plan om in appartemintekompleks te bouwen yn it park. Se sille freed yn de omkriten fan it park protestbuorden ophingje.

De tsjinstanners fine dat it park njonken de monumintale Van Haersmastate grien bliuwe moat. It park is yn de 18de ieu ûntworpen troch lânskipsarsjitekt Lucas Pieter Roodbaard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)