Stoeptegeldieven oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht twa Ljouwerters fan 21 en 54 jier oppakt omdat se in grutte partij stoeptegels stellen hiene. De plysje seach de manlju mei in stekwein troch de Robinsonstrjitte rinnen.
Omdat it midden yn de nacht wie, fûn de plysje dat frijwat fertocht. De plysje hold de twa yn de gaten en seach se efkes letter rinnen mei in lading stoeptegels op de karre. Beide fertochten binne fêstset op it plysjeburo.