Hallumer ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân
In man fan 47 jier út Hallum is tongersdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man ried oer de Fiifhústerdyk. By de krusing nei Nijebiltsyl bedarre er yn 'e berm, rekke in lantearnepeal en sloech oer de kop. De auto kaam ta stilstân yn in droege sleat. De brânwacht moast de bestjoerder út syn auto helje.
In team fan 'e traumahelikopter hat de man earst holpen. Dêrnei waard er mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.