Drachtster mishannelt buorfrou

19 sep 2008 - 09:57

De plysje hat tongersdeitejûn in man (30) út Drachten oanholden foar mishanneling. Earder op 'e dei hie syn frou spul hân mei syn buorfrou (28). Dy hie syn frou útskolden. De buorlju hawwe al langer spul meiïnoar.

Doe't de buorfrou jûns thús kaam en har auto parkearde, kaam de fertochte fuortendalik nei bûten om ferhaal te heljen. Dêrby sloech er syn buorfrou mei syn fûst yn har gesicht. De frou hie in dik en blau each en belle de plysje. Dy hâldde de man oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)