180 boetes by grutte kontrôle

18 sep 2008 - 22:00

By in grutte ferkearskontrôle op de Wâldwei hat de plysje tongersdeitejûn en -nacht 180 boetes útdield. Meiïnoar waarden 1500 auto's, frachtweinen en motorriders oan de kant set. Oan de kontrôle diene 75 plysjes, dûane-minsken, meiwurkers fan de Keninklike Maresjaussee en Veilig Verkeer Nederland mei.

De measte bestjoerders krigen in boete omdat se te hurd rieden. Oaren waarden bekeurd omdat se har papieren net op oarder hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)