Menzo praat mei Cambuur

18 sep 2008 - 20:57

Cambuur is yn petear mei Stanley Menzo as mooglike opfolger fan 'e ôfrûne wykein ûntsleine trener Jurrie Koolhof. Dat befestiget Menzo op de site fan Voetbal International.

Menzo seit entûsjast te wêzen oer Cambuur fanwege de mooglikheden yn Ljouwert en de achterban fan de fuotbalklub. Freedtejûn prate de klub en Menzo fierder yn it Cambuurstadion. Menzo wie it ôfrûne seizoen trener fan Volendam. Mei dy klub twong er promoasje nei de earedivyzje ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)