Gjin status foar P10-gemeenten

© Omrop Fryslân
De tsien grutste plattelânsgemeenten fan Nederlân krije gjin offisjele status as gearwurkingsferbân. In útstel fan de SGP is troch it kabinet ôfwiisd. De P10, lykas de gemeenten harsels neame, komme op foar problemen dy´t spylje yn plattelânsgemeenten.
Se wolle jild en oandacht foar har problematyk. Om dat te krijen moatte se wol in offisjele status hawwe as oerlisorgaan foar it regear. Ut Fryslân binne Eaststellingwerf en Opsterlân oansletten by de P10.