SC Cambuur praat mei trainer

Pama is drok op syk nei in nije trainer
SC_Cambuur praat tongersdeitemiddei mei in kandidaat-trainer om Jurrie_Koolhof op te folgjen. Koolhof krige ôfrûne wykein dien. Neffens direkteur Alex_Pama komme der in tal trainers yn ´e beneaming, mar hy wol net kwyt hoefolle dat krekt binne. Tongersdei is in earste petear mei ien fan dy gadingmakkers.
Wa´t de kandidaten binne, is noch net bekend, mar der gean in tal nammen om. Stanley_Menzo en Ernie_Brandts wurde neamd.