Mear drokte by Earste Help

Sikehûs De Tsjongerskâns
Fryske sikehûzen kinne de groeiende tarin op de earste help foarearst noch goed oan. Dat sizze se yn reaksje op in rapport dat freed ferskynt.
Neffens dat rapport groeit de fraach nei spoedeaskjende help hurder as de groei fan it tal minsken dat dy help jaan kin. De groei komt trochdat minsken der de lêste jierren makliker yn wurde om nei it sikehûs te gean, as sy tinke dat dat nedich is. De Fryske sikehûzen hâlde rekken mei de ferwachte taname yn ´e fraach.