250 miljoen foar Fryske marren

18 sep 2008 - 10:07
  • Frysk marreprojekt krijt ferfolch

De kommende jierren wurdt nochris 250 miljoen euro stutsen yn it Fryske Marreprojekt. Dat jild wurdt ûnder oare útlutsen foar it oanpakken fan de wachttiden by Koarnwertersân en in farferbining mei Noard-Dútslân.

Mei de ekstra ynvestearrings wol de provinsje besykje mear toeristen nei Fryslân te heljen en harren oer te heljen mear jild út te jaan as se hjir ien kear binne. Al mei al rekkenet de provinsje op rûchwei 35 miljoen oan ekstra ynkomsten yn it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)