Man (78) ferwûne by botsing

© Omrop Fryslân
In 78-jierrige man út Lippenhuzen is woansdei ferwûne rekke by in ûngelok op De_Buorren yn eigen doarp. Hy rekke de macht oer it stjoer kwyt doe´t er in trekker dy´t fan ´e oare kant kaam mei syn auto rekke. De auto draaide in hiel rûntsje en kaam pas op de stoepe ta stilstân.
De man waard mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De dyk hat twa en in heal oere lang ôfsletten west foar it ferkear.