Stânfries sit yn ´e knipe

18 sep 2008 - 09:35

It bestjoer fan folleybalclub Stânfries fan Drylts sit mei de hannen yn it hier. Sporthal De_Utherne is te krap om plak te jaan oan alle 150 leden. Omdat de seal dield wurde moat mei oare sportferienings út ´e stêd is der te min romte.

De club hiert sealromte yn Snits en Easthim sadat it frouljusteam dat op lanlik nivo spilet dochs genôch traine kin. In nije sporthal soe de ein betsjutte oan it tekoart oan romte, mar de gemeente is net foar in nije hal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)