Frjentsjer krijt wer tredde klok

© Omrop Fryslân
De Martinitsjerke fan Frjentsjer krijt ein dit jier wer in tredde klok. Yn ´e Twadde Wrâldoarloch waarden de trije klokken út de toer weihelle troch de Dútsers. It metaal waard brûkt yn ´e wapenyndustry. Twa klokken binne nei de oarloch weromkaam, ien hat 65 jier lang fuort west.
De Stifting ta Behâld fan Monuminten yn Frjentsjerteradiel hat no in selde soart klok yn Pitersbierrum oankocht. It is it doel om ek wer te kloklieden op ´e heale en de hiele oere.