Senioaren moatte MBO helpe

17 sep 2008 - 19:59

Fryske senioaren moatte de kwaliteit fan it MBO-ûnderwiis ferbetterje. Dat fynt de steatefraksje fan de VVD. De partij wol it saneamde master-gezelprojekt yn de provinsjale ûnderwiisnota útwreidzje. Dat projekt hâldt yn dat in MBO-learling bystien wurdt troch bygelyks in sakeman dy´t al mei pensjoen is.

Omt der yn it MBO-ûnderwiis krapte oan learkrêften driget, soene de senioaren dêr goed ynset wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)