Moarnsbrochje yn Achtkarspelen

17 sep 2008 - 19:31
  • In stikje bôle op de oprit...

Ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen kinne op 20 septimber in moarnsbrochje krije op it gemeentehûs. Op de oprit sil it kolleezje fan boargemaster en wethâlders soargje foar farske bôle en aaien. It moarnsbrochje wurdt hâlden yn it ramt fan de Nationale Burendag.

Ferline jier waard it moarnsbrochje foar it earst hâlden. Dat foldie doe sa goed dat besletten waard der in jierlikse tradysje fan te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)