De ein fan ´e wrâld op NFF

17 sep 2008 - 16:59
  • De ein fan ´e wrâld op Filmfestival

De Fryske koarte film ´De ein fan ´e wrâld´ is takom wike te sjen op it Nederlânsk_Fillmfestival yn Utrecht. De film fan Mirjam_de_With giet oer in jonkje út de stêd dat op it plattelân komt te wenjen. De ôfstudearfilm is te sjen mei oare films fan begjinnende regisseurs.

De With studearre oan de filmakademy yn Brussel en kin dêrom gjin priis winne. Dy is inkeld foar studinten fan Nederlânske filmskoallen. De film hat ek te sjen west by Omrop_Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)