Boot Holland Aqua iepene

Foar it earst is Boot_Holland no ek op it wetter. De beurs is woansdei iepene yn Snits. It evenemint moat 15.000 besikers lûke. De jeugd spilet in grutte rol by de beurs. Sy moatte letter it jild foar de boat oer hawwe. By Boot Holland Aqua lizze 150 boaten yn it wetter. Yn Snits binne tal fan aktiviteiten om de beurs hinne.
Boot_Holland_Aqua is noch oant en mei snein. Takom jier wurdt de beurs neffens de organisaasje noch folle grutter fan opset.