Nije rekkenmetoade wurket

It rekkenjen kin en moat better
Fryslân krijt takom jier as earste yn Nederlân rekkenkoördinatoaren. Doel is om it rekkenjen op in heger nivo te bringen. Dat kin troch it ûntwikkeljen en útfieren fan nije inisjativen op basisskoallen en it coachen fan dosinten. It rekkenûnderwiis moat better, want 300 Fryske basisskoallen prestearje ûnder de maat.
Ferline jier is Cedin mei in proef begûn. Fjirtjin skoallen wurken mei in nije metoade om rekkenjen te learen. De nije oanpak docht fertuten.