Ynspeksje pakt rekkenjen oan

17 sep 2008 - 15:50

It rekkenûnderwiis op de basisskoallen yn it noarden is lang net sa goed as yn it suden fan ús lân. In fjirde fan ´e skoallen hellet in ûnfoldwaande. It giet om trijehûndert Fryske skoallen.

Dat die bliken op de regionale rekkendei yn Ljouwert. It is al lang bekend dat it rekkenjen net op nivo is. Wat dat oanbelanget docht it taalûnderwiis it folle better. De konklúzjes stean yn it rapport fan de ynspeksje dat gau ferskynt. Doel is it rekkenûnderwiis te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)